Foarwurd

We kinne weromsjen op in prachtich seizoen 2024. Dat die wol bliken tiidens de evaluaasje by de jiergearkomste. Moaie opkomsten en lytse bal partijen die ek gewoan keatst wurde koenen. Ek in pear nije dingen lyk as: 'Heren sûnder keatswant by sêfte bal partijen en in feestpartij wer je kieze koenen te keatsen tusken sêfte of lytse bal'. Hjir gean we ek graach mei troch dit seizoen. Ekstra ynkomsten troch 'schoon belonen' as ferfanger fan de âld papier opbringsten en in pear nije sponsors. Tiid om te ynvestearen yn nij materiaal. Sake Wiersma hat oanbean om foar ús nije telegrafen te meitsjen. Der binne wy fansels hiel erg bliid mei.

It keatsbûn KNKB hat it lêste jier ek foars ynvesteard yn in nije website en hat dermei ek in nij logo introduseare:

Dit jier fynt de club fan 100 partij wer plak yn Augustus. Wy ha de wer nocht oan en sjogge jimme graach wer op de fjilden tiisdeis by it competitiekeatsen (19:00) en by de wedstriden.

Hendrik Hooghiemstra